Foppe de Haan beneamd ta bûnsridder troch KNVB

Foppe de Haan is troch it fuotbalbûn KNVB ûnderskieden. De fuotbaltrainer is mei coach Bert van Lingen en bestjoerder Ger Vermeulen beneamd ta bûnsridder.
Foppe de Haan © www.orange-pictures.nl
De Haan krijt de ûnderskieding foar syn suksessen mei SC Hearrenfean, Jong Oranje en de Oranjefroulju. Under lieding fan De Haan helle SC Hearrenfean twa kear de bekerfinale en pleatste him foar de Champions League.
Mei Jong Oranje waard De Haan twa kear Europeesk kampioen, yn 2006 en 2007. By it lêste toernoai pleatste Jong Oranje him foar it earst sûnt 56 jier foar de Olympyske Spelen.
Ferline jier waard it Nederlânske frouljusalvetal mei De Haan as assistint-bûnscoach Europeesk kampioen.