Jong Cambuur ferliest yn blessueretiid fan Jong Go Ahead Eagles

04 des 2018 - 22:59

De beloften fan SC Cambuur hawwe tiisdeitejûn djip yn blessueretiid ferlern fan Jong Go Ahead Eagles. It waard 2-1 yn Deventer foar Go Ahead.

Oant de rêst waarden der gjin doelpunten makke. De Ljouwerters iepenen de skoare yn de 78e minút. Omar El Baad skeat út in draai de bal tsjin de touwen. Efkes letter makket Go Ahead de lykmakker (1-1). Yn blessueretiid skoarde Go Ahead nochris. Einstân 2-1.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)