Jan Bruin: "Sunneklaas sit yn it DNA fan 'e Amelanners"

04 des 2018 - 22:52

De fearboaten nei It Amelân sieten tiisdei goed fol. Net mei toeristen, want dy krije fan de VVV it advys om in oare kear te kommen, mar mei Amelanners-om-utens dy't allegearre Sunneklaas fiere wolle.

Fuotbaltrainer Jan Bruin is ien fan harren. Ek hy rint woansdeitejûn folslein ferklaaid troch Hollum, it doarp dêr't er opgroeide. "Sunneklaas zit in het DNA van de Amelanders", seit Bruin dêroer. "Daar ben je mee opgegroeid en daar wil je elk jaar bij zijn."

It sintrum fan Nes is autofrij op Sunneklaas - Foto: Omrop Fryslân

Sunneklaas zit in het DNA van de Amelanders Daar ben je mee opgegroeid en daar wil je elk jaar bij zijn.

Jan Bruin

Jan Bruin is der, as it heal kin elts jier, by

Sunneklaas is in bysûndere en wat heimsinnige tradysje, dy't de Amelanners by foarkar foar harsels hâlde. Amelanner manlju rinne fan fiif oere middeis ôf alhiel ferklaaid en mei maskers op troch de fjouwer doarpen op it eilân. Jongfolk ûnder de 18 jier en froulju moatte binnendoar bliuwe. Wa't dat net docht, wurdt mei stokken yn 'e hûs jage.

As de omgong mei de ferklaaide omes foarby is, wurdt der feestfierd yn ien fan de 'iepen huzen' dy't dêrfoar ynrjochte wurde. Froulju dogge der ferstannich oan om yn ien fan dy huzen te wachtsjen op it momint dat se meidwaan kinne oan it feest.

Toeristen binne hjoed wat minder wolkom op Amelân - Foto: Omrop Fryslân

In soad minsken op it Amelân binne benaud dat de Sunneklaastradysje gefaar rint as der tefolle toeristen en media op ôf komme en sizze dêrom by foarkar neat tsjin in sjoernalist fan 'e fêste wâl. Dat jildt ek foar offisjele ynstânsjes lykas de gemeente en de plysje. Dy roppe yn koar Sunneklaas 'gjin ferhaal' te finen.

De Amelanner VVV riedt toeristen ôf om woansdei nei it eilân te kommen. It VVV-kantoar, de winkels op it eilân en in soad hotels en restaurants binne ticht. Net-Amelanners dy't dochs op de fearboat stappe, wurde mei in aparte struibrief yn it Nederlânsk en it Dútsk warskôge foar de risiko's dy't minsken rinne dy't har nei fiven dochs op strjitte weagje.

Amelanner Koos Scherjon oer Sunneklaas

Warskôging fan de VVV foar Sunneklaas - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Amelân Sunneklaas
(advertinsje)