Provinsje stelt beslút oer wynmûnen by Ofslútdyk mei in jier út

It provinsjebestjoer hat it beslút oer de finansjele dielname oan it Wynpark Fryslân mei in jier opskood. Eins soe it beslút noch dit jier naam wurde, mar it wurdt no uterlik ein takom jier.
© ANP
It wynmûnepark komt yn de Iselmar. By de Ofslútdyk komme 89 wynmûnen te stean, fan 150 meter heech, goed seis kilometer fan de Makkumer kust ôf. Der wurdt ek in eilân oanlein by de Ofslútdyk. Dat wurdt earst brûkt as wurkeilân en dêrnei wurdt it in natuergebiet.

Provinsje ynvestearret miljoenen

De provinsje ynvestearret 127 miljoen euro yn it wynpark. Deputearre Sander de Rouwe ferwachtet dat Fryslân dat bedrach folslein weromfertsjinje sil.
It wynpark kriget in totaalfermogen fan goed 380 megawatt. Dat is ferlykber mei it stroomgebrûk fan 400.000 húshâldens. Dêrmei soarget it wynpark foar mear as sechstich prosint fan de Fryske doelstelling foar duorsume stroom.

Fertraging troch Ried fan Steat

De beslútfoarming by de provinsje hat fertraging oprûn trochdat de Ried fan Steat him earst oer it wynpark bûgje moast. Yn july hat dy ried besletten dat it wynpark der komme mei. Tsjinstanners binne bang dat de wynmûnen fûgels, flearmûzen en de wettersporters yn it paad sitte sille.
Nettsjinsteande de fertraging ferwachtet de provinsje dat de earste mûnen yn 2020 draaie sille.