"Boargemaster moat soargje foar feilichheid omwenners Prikkedaam"
Ien fan de omwenners fan it motorcrossterrein Prikkedaam by Makkingea hat de boargemaster frege om feilichheidsmaatregels te nimmen, om syn húshâlding te beskermjen tsjin de oerlêst fan de koereurs. Dat waard dúdlik op in kommisjegearkomste fan de gemeente Eaststellingwerf.
Omwenner Roel van Rossem sei yn de gearkomste dat er al jierren lêst hat fan it leven dat de crossers meitsje. Yn augustus wie der in lawaaiprotest fan motorcrossers foar syn hûs. "We zijn het spuugzat!" De boargemaster wie net by de kommisjegearkomste oanwêzich.
Eksperiminten tsjin lûdsoerlêst
De gemeente wrakselet al jierren mei it dossier Prikkedaam. Fjouwer jier lyn hat de Ried fan Steat it besteande bestimmingsplan ferneatige. "Ik heb er geen zicht op hoe dit eindigt", seit wethâlder Marcel Bos. Earder waard al bekend dat der sjoen wurdt nei alternative lokaasjes foar it sirkwy.
Neffens Bos kin it noch wol in jier duorje foardat der dúdlikheid komt oer in nij bestimmingsplan foar it terrein. It gemeentebestjoer stribbet nei in riedsbeslút yn desimber fan takom jier.
De wethâlder wol de motorsportferiening de romte jaan foar eksperiminten om it lûd te ferminderjen, mar dêr moat it gemeentebestjoer earst in beslút oer nimme. It sirkwy yn de omkearde rjochting brûke soe in mooglikheid wêze kinne. Earder waard al bekend dat der sjoen wurdt nei alternative crosslokaasjes.
"We modderen maar wat door"
Op 18 desimber nimt de gemeenteried fan Eaststellingwerf foar de fjirde kear in tariedingsbeslút oer it sirkwy. Sa'n beslút is in ferklearring fan de ried dat it bestimmingsplan taret wurdt.
De ried is kritysk. GrienLinks freget de wethâlder oft it noch út te lizzen is, dat der al trije fan sokke besluten lizze. De ChristenUnie sil it tariedingsbeslút net stypje. It tredde beslút hie it lêste wêze moatten, seit Berend Leistra fan dy partij. Neffens de VVD is dit in dossier mei allinnich mar ferliezers. En D66 wol dat it oer is. "We modderen maar door", seit riedslid Ignas Minnema. "Wanneer houdt het op?"