Ljouwert sjocht nasjonaal ûndersyk nei fluggere treinferbining wol sitten

De gemeente Ljouwert is der bliid mei dat it regear op koarte termyn ûndersykje sil hoe't reizgers mei it iepenbier ferfier gauwer yn de Rânestêd binne. Dat seit wethâlder Friso Douwstra. Treinreizgers soene minimaal in heal oere winne moatte op de reis.
It stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Mei in moasje hat de Twadde Keamer it regear opdracht jûn om it ûndersyk út te fieren. Neffens wethâlder Friso Douwstra is in reistiidferkoarting fan 30 minuten eins noch te min. "Ik wol dat minsken flugger en effisjinter op de bestimming wêze kinne."
Noard-Nederlân moat better tagonklik makke wurde, seit Douwstra. "Oft dêr mear treinen foar nedich binne of langere treinen, dat lit ik oan de saakkundigen oer."

Tiidwinst is goed foar ekonomy

It ferkoartsjen fan de reistiid soe goed wêze foar de ekonomy. "It wurdt hieltyd dreger yn de Rânestêd in moai plak te finen om te wenjen", seit Douwstra. "Yn it Noarden kin dat noch wol. En we witte hoe't it wurket. As yn it Noarden mear minsken wenje, komt de wurkgelegenheid fansels."
De NS hat al oankundige dat der testritten komme mei rappere treinen dy't stasjons oerslaan op it trajekt nei de Rânestêd. Se ride foarearst allinnich fan en nei Grins. Op syn lêst yn 2030 soe de reistiid echt koarter wêze moatte.