Wethâlder Haverkort fan Smellingerlân hâldt op

04 des 2018 - 21:49

Wethâlder Roel Haverkort fan Smellingerlân leit syn funksje del. Der reden dêrfoar binne persoanlike omstannichheden. Dat hat syn partij, de PvdA, bekend makke.

Haverkort wie wethâlder sûnt 2016. Hy wie listlûker by de gemeenteriedsferkiezings yn maart fan dit jier. De fraksje besjocht de kommende tiid hoe't de opfolging regele wurde moat.

(advertinsje)
(advertinsje)