Steatelid Dorrepaal: De maatskippij hat de kast timmere en de kaai weismiten

04 des 2018 - 21:32

De maatskippij hat de kast timmere, dêr minsken yn opsletten en de kaai weismiten. Dat sei Teus Dorrepaal út Makkingea oer syn boek dat tiisdei presintearre waard. It CDA-Steatelid skreau in boek oer de wrakseling fan in kristlike jonge mei syn omjouwing en de tsjerke. Dat er oaren sear dwaan soe mei syn coming out siet him noch it measte dwers.

Foto: Omrop Fryslân

Bioboek

In diel fan it boek giet oer himsels, fertelt Dorrepaal. Hy keppelet it ferhaal oan de haadpersoan Mart. Hy neamt it in bioboek, want it giet oer de persoanlike belibbing, mar ek oer ynlibbing yn oaren.

Oaren sear te dwaan troch it te sizzen

Dorrepaal hat grutte muoite mei de wurden coming out of út de kast komme. Minsken moatte inoar akseptearje sûnder dat dêr in ferantwurding foar nedich is. Hy hat der de measte muoite mei hân dat er tocht dat er oaren sear dwaan soe. Dat er ambysjes fan oaren, lykas syn âlden of de tsjerke, oan diggels slaan soe troch it te fertellen. "Misschien heeft me dat wel meer moeite gekost dan het voor mezelf erkennen. "

Teus Dorrepaal

Maatskippij hat de kast timmere en de kaai weismiten

It bliuwt syn libben lang in punt dat er oars is as oaren. Oaren plakke dat etiket derop: "Het is 'treiteren van mensen. De maatschappij heeft de kast getimmerd en stopt daar mensen in. Gooit de sleutel weg en dan moet degene die erin zit maar zien hoe hij eruit komt."

Better witte as God

It stekt Dorrepaal tige as ien tsjin him seit dat er der wol wêze mei, mar in bepaalde eigenskip fan him net. Dan fielt er him net as gehiel akseptearre, want "ik ben een eenheid." God akseptearret him wol as in ienheid, is er fan betinken. Dat guon kristenen him net akseptearje, betsjut neffens him dat der minken binne dy't it better witte as God.

Leauwen wie in gefjocht, mar hy hat de tsjerke net opjûn

Fanwege wat er meimakke hat, hat Dorrepaal grutte muoite hân mei it leauwen. It hat in gefjocht west, fertelt er. Mar hy is ta de konklúzje kaam dat it net by him past om út in groep dêr't er by heart, wei te stappen, omdat der wat oan him is dat dy groep net oanstiet.

"Ik ben onderdeel van die organisatie en moet daar mijn verhaal vertellen."

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Teus Dorrepaal
(advertinsje)