Provinsje: "Provinsjale doelstelling foar emisjefrij busferfier kostet tsientallen miljoenen"

04 des 2018 - 20:23

It is noch lang sa maklik net om alle bussen emisjefrij ride te litten. Dat seit deputearre Johannes Kramer. Provinsjale Steaten stribje wol nei útstjitfrij iepenbier ferfier. Yn 2025 soe it safier wêze moatte.

It busstasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Elektryske bussen soene it meast geskikt wêze om sûnder útstjit te riden. Mar der moat noch hiel wat barre, foar't soks mooglik is, seit Kramer.

"Der binne net genôch laadpeallen, en It elektrisiteitsnet is net op tarist op it leverjen fan alle stroom dy't nedich is. Boppedat kostet it alle jierren 10 miljoen euro ekstra." Der binne trije opsjes: Net dwaan, mear jild derby, of minder bussen ride litte.

"We moatte sjen hoefolle jild oft we der foar oer hawwe"

As alle bussen útstjitleas ride, betsjut dat in besparring yn útstjit gelyk oan 5700 persoane-auto's dy't 25.000 kilometer yn it jier ride, seit Kramer. "As we dy miljeuwinst mei-inoar pakke wolle - en ik tink dat dêr goede arguminten foar binne - dan moatte we besjen hoefolle jild oft we der foar oer hawwe."

Om 2020 hinne moatte Provinsjale Steaten definityf in kar meitsje, seit Kramer. "Dan moatte we bepale hokker duorsumheidswinsken oft wy hawwe, hoefolle jild oft we dêr foar oer hawwe en watfoar tsjinstferliening it opsmyt foar de boarger."

Bus nei Grins sil folle faker ride

De provinsje ynvestearret de kommende jierren hûnderttûzenen euro's yn it busferfier. It is de bedoeling dat mear minsken de bus nimme sille en dat der minder skealike gassen de loft yn gean. Nei de simmer sil de bus tusken It Hearrenfean en Grins twa kear sa faak ride as no.

Oant 2022 ride 48 bussen op biodisel. Dêrmei moat alle jierren in CO2-reduksje helle wurde fan twatûzen ton. Fierders betellet de provinsje ûnderwiisynstellingen dy't de roasters sa oanpasse, dat it yn de spitsoeren minder drok wurdt yn it iepenbier ferfier.

Koarting bûten de spitsoeren

Der soe ek in trajektkaart fan Noard-Nederlân komme moatte foar it iepenbier ferfier. De earste stap dêrfoar is set mei in koartingsabonnemint foar minsken dy't bûten de spits mei de trein of de bus reizgje. Yn de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte krije se 40 prosint koarting. De provinsje betellet in koarting op dat koartingsabonnemint.

(advertinsje)