Detinearren yn finzenis Ljouwert krije kursus 'Puinruimen'

04 des 2018 - 19:03

Detinearren yn de Penitentiaire Inrichting Leeuwarden leare yn te sjen wat se mei harren delikt oanrjochte hawwe. Dêrfoar kinne se frijwillich de kursus 'Puinruimen' folgje. Ek krije se by dizze kursus tips hoe't se skea safolle mooglik werstelle kinne.

Sa fertelde in eks-finzene oan de kursisten oer syn ûnderfinings en seagen de kursisten in filmke oer de gefolgen fan in misdied. Ferline wike krigen alve dielnimmers harren sertifikaat.

De kursus yn de Ljouwerter finzenis wurdt ûnder oare jûn troch de roomsk-katolike geastlik fersoarger Geert Rozema. "Dat was soms best heftig, confronterend en emotioneel", fertelt er. Ut wittenskiplik ûndersyk nei kursussen lykas 'Puinruimen' docht bliken dat de dielnimmers it "nuttig en positief" fine. "Ze kunnen hun verhaal kwijt en vinden sociale steun bij de groep voor het verwerken van het delict", ferfolget Rozema.

"Vergroot inzicht in impact"

De ûndersikers konstatearje "een robuust, vergroot inzicht in de impact en reikwijdte van criminaliteit voor (in)directe slachtoffers, maar geen grote verandering in het nemen van verantwoordelijkheid voor hun eigen daden".

Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de kursisten dy't 22 moanne krigen hat foar in oerfal, seit dat der in soad hân hat oan de kursus. "Ik zie nu in wat ik heb aangericht bij de slachtoffers. Dat ze er soms niet van kunnen slapen en dat ze bang zijn geworden. Slachtoffers hebben een gezicht gekregen voor me. Of ik met ze in gesprek wil? Dat weet ik nog niet, alleen als zijn daartoe bereid zijn", fertelt er.

(advertinsje)