FIDEO: Powerkolleezje Tresoar, is Berltsum tolfde stêd fan Fryslân?

04 des 2018 - 18:00

Der is in hiel soad bekend oer de Fryske skiednis, mar der binne ek in soad fragen dy't noch iepen lizze. Bygelyks is Berltsum de tolfde stêd fan Fryslân? En binne Friezen no echt it âldste folk op 'e ierde? Bert Looper behannelet dizze 'kâlde' saken fan de Fryske skiednis dy't driigje fergetten te wurden yn in rige powerkolleezjes. Tiisdei giet it oer de fraach oft Berltsum de tolfde stêd fan Fryslân is.

Hoe kamen stêden oan stedsjochten?

Yn de midsiuwen waarden yn hiel Europa stedsrjochten takend troch lânshearen. Dat wiene keningen, graven of hartoggen.

Fryslân hie gjin lânshearen, mar de Fryske Frijheid. Hoe sit dan dan mei stedsrjochten? Yn Fryslân barde dat fan ûnderen op. It waard de plakken gund troch de befolking, lykas it gefal wie by Ljouwert, Dokkum en Boalsert. Starum is de âldste Fryske stêd.

De omjouwing hie ferlet fan plakken mei merkrjocht en muntrjocht. Yn in pear gefallen hat de graaf fan Hollân, Albrecht fan Beieren, stedsrjochten tekend oan Fryske plakken.

En hoe sit it dan mei Berltsum?

Berltsum lei yn de midsiuwen op in strategyske lokaasje oan de kust dêr't it wetter fan de Ried yn de Middelsee útkaam. Der wie in iepen ferbining mei de see. Dat binne eleminten wêrtroch't plakken stêden wurde. Sokke plakken neame harsels faak stêden, civitas yn it Latyn.

Sokke plakken waarden e troch de bûtenwrâld as stêden beskôge, bygelyks yn it gefal fan Berltsum troch Hanzestêd Lübeck. Ut argyfûndersyk hat bliken dien dat de stêd Lübeck yn 1355 in brief skreau oan de stêd Berltsum.

Mar Berltsum is nea offisjeel in stêd wurden. Neffens Looper jildt sa'n selde foarskiednis ek foar Kollum. Dus eins hat Fryslân gjin alve, mar trettjin stêden.

Besjoch hjir de eardere powerkolleezjes fan Bert Looper:

Trefwurden: 
Berltsum Powerkolleezje
(advertinsje)