"Het leven van een loser" wurdt "It libben fan in labbekak"

04 des 2018 - 17:57

Wolris heard fan Diary of a Wimpy kid? Yn ús lân better bekend ûnder de titel Het leven van een loser. Yn it Frysk is dat no It libben fan in labbekak wurden.

It binne de titels fan de boeken fan de populêre Amerikaanske berneboekeskriuwer Jeff Kinney. Hy wie tiisdei yn Ljouwert om syn jonge fans te moetsjen.

Fryske oersetting

Mear as twahûndert miljoen boeken fan Kinney binne oer de hiele wrald ferkocht, wêrfan twa miljoen yn Nederlân. En dêr kinne no dus ek boeken yn it Frysk bykomme, no't Martsje de Jong de oersetting fan it boek makke hat.

De Amerikaan Kinney praat fansels gjin Frysk, mar besocht wol in pear sinnen fan de oersetting foar te lêzen. Dat gie him ferrassend goed ôf.

Willem de Vries praat mei Jeff Kinney

Foto: Omrop Fryslân, Marijke de Boer

Willem de Vries yn boekhannel dêr't Kinney sinjearret

(advertinsje)