Brusselske beswieren tsjin flechten nei Lelystad Airport

De Europeeske Kommisje hat beswieren tsjin de regeling dy't soargje moat dat flechten fan Schiphol nei Lelystad Airport ferpleatst wurde. Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer hat dêrom besletten de saneamde ferkearferdielingsregel yn te lûken, hat se de Twadde Keamer witte litten.
© ANP
Brussel komt mei de beswieren mei nei oanlieding fan in ynspraakronde foar de loftfeartmaatskippijen. Van Nieuwenhuizen praat no mei de Europeeske Kommisje om de regeling oan te passen. It is net dúdlik oft dit no betsjut dat Lelystad Airport letter iepengiet. Dat stie pland foar april 2020.
Lelystêd moat in part fan de fakânsjeflechten fan Schiphol oernimme. Oant 2023 soe it om maksimaal 10.000 starts en landingen yn it jier gean. Nei in weryndieling fan de loftfeart soe dat groeie moatte nei 45.000 fleanbewegingen. Dertroch soe der op Schiphol romte ûntstean.

Jier útstel

De útwreiding fan Lelystêd is al twa kear útsteld. Yn it noarden en easten fan it lân is in soad beswier tsjin de plannen, ûnder oare fanwege it leechfleanen. Begjin dit jier hat de minister besletten de útwreiding mei noch in jier út te stellen, omdat iepening takom jier ûnferantwurde wêze soe.