Steatelid skriuwt boek oer inerlike striid fan kristenjonge mei syn homowêzen

04 des 2018 - 17:14

Teus Dorrepaal út Makkingea hat in boek skreaun oer hoe't in jonge mei homoseksuele gefoelens opgroeit en him net uterje kin yn in tsjerklike húshâlding. Kommissaris Brok en dûmny Beekman krigen de earste eksimplaren.

It boek 'Praat er maar niet over' giet oer Mart, dy't wrakselet mei homoseksuele gefoelens. Hy kin der net oer prate yn it strang-kristlik fermidden dêr't er yn libbet. Syn heit en mem wolle der neat fan witte en se witte der ek neat fan.

Mart wit net hoe't er dêrmei omgean moat. It boek giet foar in grut part oer Dorrepaal sels. It CDA-steatelid út Makkingea hat it boek skreaun omdat er syn ferhaal kwyt woe en omdat er oare minsken helpe wol dy't dêr ek mei wrakselje.

Teus Dorrepaal

Earste eksimplaren foar kommissaris Brok en dûmny Beekman

It boek waard tiisdeitemiddei presintearre yn de Mennistetsjerke oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. De earste eksimplaren binne oanbean oan kommissaris fan de kening Arno Brok en oan dûmny Wim Beekman.

Der wiene ferskate taspraken, wêrûnder fan Anne de Groot, direkteur fan it COC. Sy hat dit jier ûndersyk dien nei de ferhâlding fan de Evangelyske tsjerken yn Fryslân mei homoseksualiteit.

Anne de Groot

(advertinsje)
(advertinsje)