Tsientûzen kretten stellen yn Bitgum, sân fertochten oppakt
De plysje hat sân manlju oanhâlden dy't tsientûzen keunststof kretten stellen hawwe soene út in bedriuwsloads yn Bitgum. De eigner fan de loads ûntduts de stellerij freedtemoarn en skeakele de plysje yn. Op bylden wie te sjen dat meardere minsken nachts om in oere as fjouwer dwaande wiene de kretten fuort te heljen.
De fertochten brûkten in bestelbus fan in ferhierbedriuw. Hoe't se deryn kaam wiene, is noch net dúdlik. De plysje koe achterhelje wa't it buske hierd hie en koe sa yn Dordrecht fjouwer manlju betraapje, doe't dy de kretten oan it oerladen wiene. Uteinlik binne der yn totaal sân manlju oanhâlden, út Dordrecht en Den Bosch.
De plysje freget minsken dy't wat fernaam hawwe fan de stellerij oft se har melde wolle.