Jierrenlange selstraffen foar ynbraken by âlde minsken

04 des 2018 - 16:21

Twa manlju út Lelystêd hawwe elk trije jier sel krigen foar in tal ynbraken yn bejaardewenten en soarchsintra. Justysje tinkt dat se ferantwurdlik binne foar mear as hûndert ynbraken, mar dy koenen net allegearre bewiisd wurde. De twa wiene foaral aktyf yn it noarden. Yn Fryslân hawwe se ynbrutsen yn Drachten, op De Jouwer en op It Hearrenfean. Se stielen benammen guod mei dat maklik mei te nimmen wie, lykas sieraden en jild.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De rjochtbank nimt it de fertochten kwea ôf dat de fertochten gjin inkelde ferantwurdlikheid naam hawwe foar de ynbraken en dat se echt út wiene op huzen dêr't âldere minsken wenje. De manlju moatte fjouwer fan harren slachtoffers mei-inoar hast fjouwertûzen euro skeafergoeding betelje. Se komme beiden ûnder tafersjoch fan de reklassearring te stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)