FrieslandCampina nimt Amerikaanske tsiisymporteur oer

Suvelbedriuw FrieslandCampina nimt in Amerikaanske tsiisymporteur en -distributeur oer. Jana Foods ymportearret en ferkeapet de Nederlânske tsiis fan FrieslandCampina yn de Feriene Steaten, mar ek tsiis út Grut-Brittannië, Denemarken, Ierlân, Australië en oare lannen.
FrieslandCampina © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It bedriuw is al jierren in strategyske partner, seit FrieslandCampina. De oername fan Jana Foods past neffens it bedriuw yn de strategy om de tsiisaktiviteiten yn Noard- en Súd-Amearika groeie te litten. FrieslandCampina makket net bekend wat de oername it bedriuw koste hat.