Wenningkorporaasjes ynvestearje tsientallen miljoenen yn Ljouwert

De wenningkorporaasjes WoonFriesland en Elkien ynvestearje takom jier mei-inoar 64 miljoen euro yn de wenningfoarried yn Ljouwert. Der komme nije hûzen en besteande hûzen wurde opknapt en duorsum makke.
WoonFriesland © WoonFriesland
Dat stiet yn ôfspraken dy't de wenningkorporaasjes makke hawwe mei de gemeente Ljouwert en de hierdersorganisaasjes Nieuw Elan en De Bewonersraad. Op inisjatyf fan de gemeente besjogge WoonFriesland en Elkien ek hoe't harren hierhûzen oanpast wurde kinne, sadat se fan it ierdgas ôfkinne. De partijen hawwe dêrneist mei-inoar ôfpraat dat se húshâldens dy't soarch of oare stipe nedich hawwe, mei-inoar helpe sille.