Kollumerlân en Dongeradiel gean boekje te bûten

04 des 2018 - 16:01

Kollumerlân en Dongeradiel binne harren boekje te bûten gien by it fêststellen fan de reinigingsheffing foar takom jier. De twa gemeenten fusearje mei yngong fan 1 jannewaris mei Ferwerderadiel ta ien gemeente en dêrom moat de provinsje goedkarring jaan oan alle besluten dy't finansjele konsekwinsjes hawwe foar dy nije gemeente. Dy goedkarring is net ôfjûn.

Offal miljeustrjitte fergees

Kollumerlân en Dongeradiel woene takom jier it bringen fan ôffal by de miljeustrjitten fergees meitsje, wat de nije gemeente 290.000 euro kostet. De rie fan Dongeradiel hat yntusken besletten it foarnimmen yn te lûken. De rie fan Kollumerlân moat der meikoarten noch oer te set.

De lêste kear dat de provinsje sa yngrypte wie yn 2013, doe't Lemsterlân jild beskikber stelle woe oan de rêdingsbrigade. Omdat dêr ek in gemeentlike weryndieling spile, hie dêr ek tastimming fan de provinsje komme moatten. Ek dy tastimming waard net ferliend.

(advertinsje)
(advertinsje)