Sikehuzen bringe mei eigen app beskikbere bêden yn kaart

04 des 2018 - 15:41

Sikehûzen yn Fryslân hawwe in eigen app ûntwikkelje litten dy't byhâldt yn hokker sikehûzen yn de omjouwing der bêden beskikber binne. Foaral yn hiele drokke perioaden is dat belangryk, lykas mei in grypgolf. Sikehûzen MCL en Tjongerschans dogge in proef mei de app.

App foar leechsteande sikehûsbêden

By de foarige grypgolf like it derop dat der lanlik in tekoart oan bêden wie, mar dat wie net sa. Der wie gewoan net in goed oersjoch. De Nederlandse Vereniging van Spoedeisende Hulp Artsen wol dêrom ta op in lanlike database dy't byhâldt hokker sikehûzen bêden beskikber hawwe.

Fryske sikehûzen dogge dat dus al. Dokter Erwin ten Hoeve fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean wie yn de útstjoering en fertelde oer it gebrek oan oersjoch by de grypgolf fan ferline wike.

Erwin ten Hoeve fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean oan it wurd

(Advertinsje)
(Advertinsje)