OPROP: Meld by Omrop Fryslân lesútfal op middelbere skoallen

04 des 2018 - 15:32

Moat it middelber ûnderwiis yn Fryslân hieltyd faker learlingen nei hûs stjoere, omdat der gjin leararen beskikber binne? Dan giet it net allinnich om sykte fan de dosint, mar ek dat de skoalle net genôch ûnderwiiskrêften hat om alle gatten yn it lesroaster op te foljen.

lessen falle faker út - Foto: Omrop Fryslân

Sa hat bygelyks in learlinge yn de earste klas fan de HAVO de lêste trije moannen 21 kear in oere frij hân omdat de lessen útfoelen. In oare mem telde al 28 lesoeren yn dit skoaljier dy't útfallen binne.

Omrop Fryslân besiket de problematyk yn kaart te bringen. Sitte jo bern op de middelbere skoalle en hawwe jo it idee dat se hieltyd faker nei hûs stjoerd wurde? Lit it ús witte. Stjoer jo e-mail nei redaksje@omropfryslan.nl

(Advertinsje)
(Advertinsje)