Plysje siket tsjûgen fan mishanneling by stasjon op It Hearrenfean

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling en berôving fan in frou, moandeitejûn by it treinstasjon op It Hearrenfean. Om 21.30 oere hinne waard foar it stasjonsgebou in frou mishannele. Har tas waard dêrnei meinaam.
Plysje © ANP
De plysje freget tsjûgen om harren te melden en siket spesifyk nei twa jonge froulju en in man mei in angel. Sy soene miskien wat fan it foarfal sjoen hawwe.