Drokte by FRL Post is noch goed te behappen

04 des 2018 - 14:11

Postbesoargers en postsortearsintra belibje op it stuit drokke tiden. Black Friday is krekt achter de rêch, Sinteklaas stiet foar de doar en dêrnei komme de krystdagen der nochris oerhinne. By FRL Post binne se tiisdei hurd oan it wurk om alle kadootsjes dy't online besteld binne op 'e tiid yn de sek te krijen.

Foto: Omrop Fryslân

Der hoege noch gjin ekstra krêften ynhierd te wurden, mar de minsken dy't by FRL Post wurkje, meitsje bytiden wol oeroeren. Yn dizze wiken binne der in pear hûndert poststikken mear op in dei as oars.

Ferslachjouwer Simone Scheffer praat mei Niels Helbig fan FRL Post

Sinteklaas is noch altyd populêrder as de krystman wat kado's oanbelanget, as we it ôfmjitte oan de pakketbersoarging. Nei Sinteklaas binne it, neffens Niels Helbig fan FRL Post, foaral krystpakketten dy't rûnbrocht wurde.

Simone Scheffer rint mei mei de postsortearders

Trefwurden: 
Sinteklaas kryst post FRL Post
(Advertinsje)
(Advertinsje)