SC Cambuur wint oefenwedstriid fan reserves FC Grins

04 des 2018 - 13:40

SC Cambuur wie tiisdei yn in oefenwedstriid tsjin FC Grins te sterk foar de nûmer sechstjin fan de earedifyzje (2-1). Op Sportpark Corpus den Hoorn yn Grins wiene ferdigeners Robbert Schilder en Matthew Steenvoorden trefseker foar de Ljouwerters.

Robbert Schilder oan de bal - Foto: www.orange-pictures.nl

Schilder en Steenvoorden skoarden yn de earste helte. Nei it skoft sette Tim Freriks fan FC Grins mei in rake strafskop de einstân op it skoareboerd.

Behalve it earste alvetal komme letter op dei ek de beloften fan de Ljouwerters noch yn aksje. Om 18.30 oere begjint Jong SC Cambuur yn Deventer oan it kompetysjetreffen mei Go Ahead Eagles.

Basisopstelling SC Cambuur tsjin FC Grins: Bos; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Schilder, Sambissa; Van der Beemt, Schindler, Etten, Ciganiks; Kallon en Van Kippersluis.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal FC Grins
(advertinsje)