NHL Stenden en RUG komme mei ûndersyksynstitút foar iepenbier bestjoer

04 des 2018 - 13:15

Der komt in nij ûndersyksynstitút foar it iepenbier bestjoer yn Noard-Nederlân. It giet om in gearwurking tusken hegeskoalle NHL Stenden en Ryksuniversiteit Grins. Gemeenten en oare oerheden kinne dêr te plak foar helpfragen. It kin dan gean om problemen op bygelyks it sosjaal domein.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Mei de help fan it saneamde Wurkplak moatte gemeenten iepener wurde nei boargers ta. Sa wurdt der help bean by trainingen om de tsjinstferliening te ferbetterjen. Ek is der help op juridysk mêd. Ien fan de saken dêr't heechlearaar Bestjoerskunde Heinrich Winter mei oan de slach wol, is dat de kosten op it sosjaal domein oprinne. "Dat is nou typisch iets waar goed onderzoek voor nodig is. Je kunt pas wat doen aan overschrijdingen als je weet wat de oorzaak is", seit er.

Hayo Bootsma praat mei Heinrich Winter, heechlearaar Bestjoerskunde

Der is in heal miljoen euro beskikber steld foar it Wurkplak. Dat jild komt út de erfenis fan de Bestjoersakademy Noard-Nederlân. Dy waard yn 2010 opheft. It jild dat dêrfan oerbleaun is, moast brûkt wurde foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn it iepenbier bestjoer. Mei it oprjochtsjen fan it Wurkplak is oan dy opdracht foldien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)