Drûchte hat ek positive gefolgen hân yn Fryslân

04 des 2018 - 12:36

De drûge simmer hat net allinnich negatyf útpakt foar de boeren. Yn de lange drûge perioade koene boeren mei harren materieel goed op it lân komme. Foar de bewurking en bedonging fan it lân hat it dêrom in goede simmer west, seit Tineke de Vries fan de LTO.

Foto: Omrop Fryslân

De opbringst fan gewaaksen wie wol wikseljend. Earder waard al bekend dat der minder sipels fan it lân helle binne en dat de kwaliteit minder is. Dêrtsjinoer stiet dat it waarme waar goed útpakte foar bygelyks de sûkerbiten. Dy komme oarspronklik út in Middellânsk Seeklimaat en kinne goed oer drûchte. Mar om't der minder fraach wie, smieten de biten wol minder jild op.

By it nôt gie it dûbeld op. De opbringst fan it lân wie goed en troch de krapte op de wrâldmerk wie de priis heger. Ek de woartels binne goed oan de priis. It lân is, nettsjinsteande de buien fan de lêste tiid, noch hieltyd hiel drûch. Foar de stân fan it grûnwetter soe it neffens De Vries goed wêze dat it de kommende tiid flink reint.

Trefwurden: 
drûchte gewaaks
(Advertinsje)
(Advertinsje)