Nije kolleksje foar Princessehof

© Omrop Fryslân
Keramykmuseum it Princessehof yn Ljouwert hat in kolleksje fan goed twahûndert keramykstikken krigen fan de stifting Van Achterbergh-Domhof. It giet om tegels en modern keramyk. Neffens it Princessehof is de skinking in moaie oanfolling op de besteande kolleksje.
It Princessehof mocht sels in kar meitsje út de samling fan de stifting Van Achterbergh-Domhof. Dy waard oprjochte foar de befoardering fan keunst en wittenskip.