Primeur foar VC Snits: spesjale bril moat prestaasjes ferbetterje

04 des 2018 - 11:57

In primeur foar de follybalsters fan VC Snits. As earste follybalferiening fan Nederlân past de klup fan dizze wike ôf yn trainingen in ynnovative en baanbrekkende eachtrainingsmetodyk ta. De metoade hat yn de fuotbalwrâld sjen litten te wurkjen. Prestaasjes fan fuotballers ferbetteren oant 25 prosint.

Freugde by VC Snits - Foto: www.orange-pictures.nl

De metodyk wurdt tapast mei help fan in spesjale bril dy't de spylsters minder fisuele ynformaasje jout. Sa wurdt it brein fan de froulju aktivearre om hurder te wurkjen. De harsens wurde op dy manier traind dat de spylsters flugger en attinter reagearje kinne. Dat moat op it fjild liede ta bettere prestaasjes.

Alle reaksjes fan it brein wurde mei de bril metten: djipte, snelheid, breedte en de gearwurking tusken de eagen. De libero fan VC Snits trainde al in skoftsje mei de bril. De kommende tiid sil coach Paul Oosterhof de metoade by de trainingen ek op syn oare spylsters tapasse.

(advertinsje)