Spinder min te sprekken oer Rodenhuis

Trainer Wieb Rodenhuis © awfoto.nl
Harkemase Boys-foarsitter Pieter Spinder fynt dat trainer Wieb Rodenhuis de klup yn de steek lit. Rodenhuis sit op dit stuit siik thús, omdat hy siik is fan de situaasje. Rodenhuis hat in konflikt mei de klup. It giet dêrby om de posysje fan assistint-trainer Van Meel.
Rodenhuis wol net dat assistint-trainer Marc van Meel in oare funksje krijt by de klup. It bestjoer fan Harkemase Boys sil dochs op syk nei in rol binnen de klup foar Van Meel. Rodenhuis baalt lykwols fan de hâlding fan it bestjoer en komt net werom salang't Van Meel by Harkemase Boys wurket.