Drachtster bern 'Kids in Bizz'

© Omrop Fryslân / Neeltje Weishaupt
Basisskoalle De Wiekslag yn Drachten is ien fan de fjouwer skoallen yn it noarden die meidocht oan de wike fan it jild. De bern dogge mei oan in projekt wêrby't se har eigen bedriuw opsette. Mei dit projekt Kids in Bizz leare de bern hoe't se mei jild omgean moatte en hoe't se in bedriuw opstarte kinne.
Sa moatte se bygelyks personiel oannimme, in marketing-strategy opsette en de boekhâlding byhâlde. De winst fan it bedriuwke giet nei in goed doel.