Werynrjochting Feanwâlden mei park en transferium kin los

04 des 2018 - 11:29

De oanlis fan in park en in transferium yn Feanwâlden kin los. De gemeente Dantumadiel hat it definitive ûntwerp foar it gebiet by de Rûnwei en it stasjon goedkard. Dêrmei kin de werynrjochting yn de maitiid fan takom jier begjinne.

Foto: Gemeente Dantumadiel

Earder waard de Suderwei al ynrjochte as doarpsleane. Dit is mooglik no't it trochgeand ferkear net langer troch it doarp hoecht te riden, mar de Sintrale As brûke kin. De Rûnwei ferdwynt, sadat tusken it doarp en it stasjon in romte ûntstiet dêr't in park mei kuierrûtes en boartersplakken komt.

Lâns it spoar wurdt in nije dyk oanlein, dy't oanslút op de trochgeande dyk nei Dokkum. It Stasjonsgebiet wurdt ynrjochte as transferium, mei in oersichtlik busplatfoarm en genôch parkearplakken. Der komt ek in toeristysk oerstappunt.

(advertinsje)
(advertinsje)