De Sionsberg ûndersiket feilichheid

08 nov 2011 - 12:06
Foto: Omrop Fryslân

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum wol fan hûndert pasjinten witte wat sy fine fan de feilichheid yn it sikehûs. No moandei wurdt pasjinten bygelyks frege wat neffens har in feilige behanneling is. De Sionsberg slút dêrmei oan by de Wike fan de Pasjintfeilichheid dy fan 14 oant 19 novimber holden wurdt.

De rest fan de wike binne foaral de meiwurkers fan De Sionsberg dwaande mei de feilichheid fan de pasjinten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)