Moardfertochte nei Pompeklinyk

© Omrop Fryslân
De 46-jierrige ynwenner fan De Harkema dy't yn 2008 Murkje de Vries fan Koatstertille deasketten hat, is moandei foar ûndersyk nei de Pompeklinyk yn Nijmegen brocht. Dêr sil seis wike lang ûndersocht wurde hokfoar effekt anti-depressiva op de man hawwe.
Neffens himsels hawwe de medisinen der doetiids foar soarge dat hy hielendal oer de skreef gie en ta syn die kaam. En dêrmei soe de moard him net oanrekkene wurde kinne, fynt syn advokaat. De Harkyt is yn juny 2008 feroardiele ta 24 jier sel. Hy gie tsjin dy straf yn heger berop.