Man triuwt fytster tsjin izeren stek en fytst troch

De plysje yn De Fryske Marren siket de bestjoerder fan in elektryske fyts dy't moandeitemiddei krekt nei healwei seizen op de Jousterwei tusken Aldehaske en Haskerhoarne in frou de berm yntreaun hat. De frou rekke ferwûne doe't se mei har holle tsjin in izeren stek foel. Se hat der mooglik in harsenskodding oan oerhâlden.
Fytspaad © Shutterstock.com
De frou fytste mei twa freondinnen op it fytspaad, doe't se in fytsbelle hearde. De frou seach efterom en bedarre links op de rydbaan op it momint dat de man op de elektryske fyts har ynhelle. Dy joech har in triuw mei de earmtakke en fytste troch, sûnder om te sjen nei it fallen slachtoffer. It giet om in man fan tusken de 40 en 50 jier mei donkere klean oan.