Plysje hellet bedriger meiwurkster Ljouwerter ynstelling fan de strjitte

04 des 2018 - 10:26

De plysje yn Ljouwert hat moandei in 49-jierrige man oanhâlden, nei't dy in meiwurkster fan in ynstelling oan de Oldegalileën mei de dea bedrige hie.

It plysjeburo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hie de frou moarns bedrige, mar wie dêrnei fuortgien. Doe't hy middeis wer yn de buert fan de ynstelling sjoen waard, hat de plysje, nei oerlis mei de offisier fan justysje, de bedriger oanhâlden. De man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)