'Komst fan twadde jachtbouhal is ek goed foar regio Makkum'

04 des 2018 - 09:58

By Keninklike De Vries Scheepsbouw yn Makkum is moandeitemiddei de earste peal yn de grûn gien foar de bou fan in nije dokhal. De komst fan in twadde hal is goed nijs foar de regio, stelt de skipswerf, dy't mei de útwreiding yn de takomst in grutter berop dwaan sil op taleveringsbedriuwen yn de omjouwing.

Komst fan twadde jachtbouhal is ek goed foar regio Makkum

De bou fan de hal moat ein 2019 klear wêze. Dêrnei komme der kantoaren en wurkplakken by. It tal fêste banen giet fan 300 nei 375. Mei it nije dok is de skipswerf yn steat om twa skipppen tagelyk te bouwen en ek om gruttere jachten te meitsjen.

Stroffelstien foar de takomst is noch wol dat gruttere skippen net troch de slûs fan Koarnwertersân kinne. De finansiering foar de plannen foar in ferbreding, dy't sa'n 200 miljoen kostje moat, is noch net klear. It wachtsjen is op in bydrage fan it nasjonaal regear. Mar dy bliuwt oant no ta út. Direkteur Sijbrand de Vries fertrout derop dat de ferbreding der yn de takomst seker komme sil.

Neffens De Vries moat de útwreiding de takomst fan de werf feilichstelle. Tagelyk sjocht it bedriuw ek werom yn de histoarje. It Strânhûs út de santiger jierren en in earder wurkplak wurde opknapt as oantinken oan de begjinperioade fan de werf.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer is by De Vries Makkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)