Kollum: "Pimelkrêm"

"Buorman hie de snikkel op de wurkbank lein doe't ik de garaazje ynkaam. Yn de rjochterhân hie er in fleismes, mei de linkerhân spande er de foarhûd op. Hy die my tinken oan in ballonne-artyst dy't it flubberich tútsje oanlûkt nei't er in knoop yn de ballon lein hat. Op myn freegjen fertelde er dat er de foarhûd fan syn apparaat ferkeapje woe. 'Se meitsje dêr op 't heden in searum fan', sei er, 'foar gesichtsmaskers. Gouden hannel, want it skynt supergoed te wurkjen.'
Willem Schoorstra © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Yndie is in gesichtsmasker op basis fan foarhûd de lêste trend yn de obsesje mei it uterlik. Bekende aktrises as Sandra Bullock, Kate Beckinsale en Cate Blanchett litte harren geregeld behannelje mei de saneamde 'pimelkrêm'. De foarhûdsjes komme foar it meastepart út Súd-Koreä. It besnijen fan jonkjes skynt dêr gewoante te wêzen. Earst hiene se besocht om der beurzen fan te meitsjen, mar alle kearen as der in oantreklike frou foarbykaam feroare dy beurs yn in koffer, dus dat wurke net. No meitsje se der in ferjongingskrêm fan. En dy wurket wol, neffens de ferhalen.
Doe't it nijs hjiroer nei bûten kaam reinde it snedige opmerkingen. Ien fan de reagearders fûn it bygelyks it toppunt fan irony dat in selsbeneamd feministe as Blanchett in searum fan pimels op har gesicht smarde om der jonger út te sjen, en sadwaande oantrekliker foar manlju. Dêr sit wat yn. De Nederlânske aktrise Anniek Pheifer hie it yn dat ferbân oer in 'ziekelijke hang naar jeugdigheid'. En ek dêr sit wat yn. It hat derfan dat âlderdom as in sykte sjoen wurdt. Meastal kriget de media en de reklame dêr de skuld fan. Dy ferhearlikje mar ien type frou, nammentlik dat fan jong, slank en mei de rûningen op de goeie plakken.
Dochs binne der ek genôch froulju (en manlju dy't der net as George Clooney of Leonardo di Caprio útsjogge) dy't harren dêr neat fan oanlûke. It hinget mei oare wurden hielendal fan de persoan ôf. Hoe maklik bist te beynfloedzjen? Yn watfoar kultuer bist grut wurden? Hoefolle omtinken wurdt der yn dyn rûnten oan it uterlik jûn. En oan it inerlik. Hoefolle omtinken is der foar karakter, foar gedrach en talint? Dat soarte faktoaren spylje allegear mei yn hoe't minsken mei sokke saken omgean.
Feit is dat 91 prosint fan de Nederlânske froulju net tefreden oer harren uterlik is. Dy tinke oer in facelift, oer botox en it fuortslobberje litten fan fet. En sille aanst oan de pimelkrêm gean, want Nederlân folget no ienris yn alles it ljochtsjend foarbyld dat Amearika hjit.
Buorman stie ûnderwylst noch mei it mes yn de oanslach, klear om syn flubberich tútsje oan de kosmetikawrâld te donearjen. 'Witst', sei er dreamerich. 'Ik soe wol witte wolle wa fan dy bekende artysten aanst myn pimeleintsje oer har gesicht útsmart. Dat ik, krekt as mei dy goede doele-aksjes, in aansichtkaart fan Madonna krij mei de tekst: 'It masker fan dyn penis hat it gesicht fan Madonna tsien jier jonger makke. Tank dêrfoar.'"