Trije minsken reitsje ferwûne by slim ûngelok op A7 by Drachten

04 des 2018 - 06:28

By in slim ûngelok op de A7 fan Grins nei It Hearrenfean binne moandeitenacht by Drachten trije minsken ferwûne rekke. In auto mei fjouwer ynsitters botste troch noch ûnbekende oarsaak efterop in frachtwein en bedarre dêrnei yn de fangrail.

De slachtoffers binne oerbrocht nei de sikehuzen Nij Smellinghe yn Drachten en it UMCG yn Grins. Sy wiene troch de brânwacht út de auto helle. De traumahelikopter wie ek oproppen. De rydbaan rjochting Drachten waard ôfsletten, sadat de helikopter op de autodyk lâne koe.

De plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok krekt barre koe.

Ungelok op de A7 by Drachten - Foto: Srfotografie
Trefwurden: 
Drachten ûngelok A7
(advertinsje)