Ferd Crone: "Het is tien keer meer dan ik had durven dromen"

03 des 2018 - 22:19

Ferd Crone komt takom jier werom yn de lanlike polityk. Nei goed alve jier as boargemaster fan Ljouwert, sil er nei de Earste Keamer. It liket hast gjin tafal, sa flak nei de Kulturele Haadstêd, mar dat is it wol, sa seit Crone yn It Polytburo.

Ferd Crone yn It Polytburo 3/12

Crone sels is bliid dat it in wike nei de ReOpening wie en net derfoar. "Ik wist pas vier weken geleden dat ze me echt wilden hebben. Ik kon daar niks aan doen", fertelt er. Hy liket op syn hichtepunt ôf te gean as boargemaster. Sels sjocht er dat net sa. "Dit is een heel bijzonder jaar geweest en zal nog veel gevolgen hebben voor de komende jaren. Het is tien keer meer dan ik had durven dromen."

"Geen cultuur met een grote C"

Doe't Crone de titel fan Kulturele Haadstêd binnenslepe woe, sette hy as boargemaster foaral yn op de bestriding fan earmoede. "Ik heb gezegd: Culturele Hoofdstad is niet cultuur met een grote C. Het is niet alleen voor de elite. Het is juist goed dat we maatschappelijke thema's op de agenda zetten", seit Crone.

De Reuzen wiene dan fergees, mar foar De Stormruiter moast wol wer yn de ponge taast wurde. "Het wordt altijd een mix van gratis evenementen en duurdere", leit Crone út.

Foto: Omrop Fryslân

Wat bliuwt der oer fan LF2018?

Crone is ekonoom fan hûs út en hat de gemeenteried oertsjûge dat it in enoarme ekonomyske ympuls jaan soe, omdat it it toerisme fersterke soe. It Kulturele Haadstêdjier hat foaral foar de Fryske hotels in grut sukses west: guon seagen in tanimming fan mear as 100 persint yn harren besetting. Ek restaurants en winkels hawwe in soad ekstra omset draaid.

Mar hat LF2018 no echt wat opsmiten foar Fryslân? Neffens Crone wol: "Als we dit niet hadden gedaan dan was het toerisme verder ingezakt. En dat zijn juist banen op alle niveaus. Dus op alle niveaus is de werkgelegenheid toegenomen."

Crone joech ta beslút oan dat er earst yn Ljouwert wenjen bliuwe wol, al hat er aanst syn wurk yn Den Haag.

(Advertinsje)
(Advertinsje)