Grutste kandeler fan Europa oanstutsen yn Ljouwert

03 des 2018 - 22:11

De grutste kandeler fan Europa is moandeitejûn oanstutsen op it Saailân yn Ljouwert. Dat waard foar mear as tûzen belangstellenden dien troch kommissaris fan de Kening Arno Brok en de heechste rabbyn, Binyomin Jacobs. Sy stutsen út in heechwurker wei de earste trije fan de njoggen kearsen oan.

Grutste kandeler fan Europa oanstutsen yn Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De kommende dagen wurdt yn it ramt fan it Joadske Chanoekafeest alle dagen wer in kears oanstutsen. De kandeler stiet yn Ljouwert fanwege LF2018.

It is in inisjatyf fan de Joadske mienskip en Christenen voor Israel. De kearsestander stiet tiisdei en woansdei noch yn Ljouwert, dêrnei wurdt yn Israel nei in definityf plakje socht.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Heechste rabbyn Jacobs wie bliid mei sa'n soad minsken op it plein. "Dat biedt hoop in donkere tijden van opkomend antisemitisme", sei er. "We hebben als Joden zwarte periodes meegemaakt. Kijk maar naar Leeuwarden, waar door de oorlog bijna de hele gemeente is weggevaagd. Maar ook nu moeten we oppassen. Het is eng wanneer je als Jood bijna niet meer met een keppeltje over straat durft te lopen. Dat ze zelfs voor hun eigen veiligheid maar een baseball-pet op zetten. Dat is beangstigend."

Hy sei te hopen dat it fjoer fan it Chanoekafeest ljocht jaan kin yn dizze dagen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)