Weropbou âlde gemeentehûs Wolvegea yn ympasse

De eigener fan it eardere gemeentehûs yn Wolvegea hat noch gjin oerienstimming mei de fersekerder oer de weropbou fan it diels útbrânde pân. Dat melde wethâlder Hanneke Zonderland moandei yn de riedsgearkomste nei fragen fan D66.
© De Vries Media
Neffens de wethâlder is it noch hieltyd de bedoeling om it pân wer op te bouwen en in passende funksje te jaan foar dat plak yn it sintrum fan Wolvegea. It pân is in ryksmonumint.
De gemeente stiet by dizze saak lâns de sydline en hat allinnich in 'fasilitearjende rol'. De gemeente hat gjin plannen om it pân te keapjen of der in bestimming foar te sykjen, sei Zonderland.
By de brân foarich jier septimber rekken benammen de boppeferdjippingen swier skansearre.