Bern yn Fryske asylsikerssintra krije Sinteklaas op besite

03 des 2018 - 21:23

Bern fan trije AZC's yn Fryslân wurde moandei- en tiisdeitejûn meinaam yn in grut teatraal Sinteklaasfeest. It Wolkentheater út Amsterdam is hjirfoar ferantwurdlik. It Wolkentheater makket spesjaal foar flechtlingebern foarstellingen. Om 19.30 oere gie it los yn Drachten. Tiisdei is it stik te sjen yn Snits en Burgum.

Foto: Wolkentheater

It Wolkentheater reizget al 25 jier lang eltse simmer by asylsikerssintra del mei in iepenloftsirkus. Dit jier sille se 22 asylsikerssintra besykje mei in Sinteklaasfoarstelling.

"We hebben een eigen stijl van Sinterklaasvoorstellingen ontwikkeld", seit oprjochter fan de stichting Adrijan Rakic. "Wij spelen voorstellingen met maximaal 10 tot 15 woorden, zodat iedereen ons kan verstaan, ook de ouders."

Adrijan Rakic fan it Wolkentheater oan it wurd

Rakic is teätermakker en flechte hast 30 jier lyn sels foar de boargeroarloch yn Joegoslavië. Hy hat sels dus ek flechtling west. Jierren lyn gie hy by freonen mei bern del yn in asylsikerssintrum en seach dat de bern wol wat wille brûke koene.

"Wij willen voor kinderen, die al zoveel ellende hebben meegemaakt, in een veilige sfeer iets speciaals doen. Ze moeten gewoon kinderen kunnen zijn", fertelt Rakic.

(Advertinsje)
(Advertinsje)