Gemeente Weststellingwerf krijt flinke tik op fingers fan Rekkenkeamer

De gemeente Weststellingwerf krijt in flinke tik op fingers fan de eigen Rekkenkeamer. It beslút ta útwreiding fan bedriuweterrein Schipsloot by Wolvegea is yn 2007 fierstente maklik naam. Warskôgings waarden weiwiuwd en positive lûden just oerbeljochte.
© Gemeente Weststellingwerf
Ut it Rekkenkeamerûndersyk docht bliken dat de gemeente alve jier lyn 35 kavels oanlein hat, dêrt oant no ta mar trije fan ferkocht binne. Wichtich argumint foar de ynvestearring fan sân miljoen euro yn 2007, wie in list fan 50 ynteressearre bedriuwen. Uteinlik blykt dat net ien fan dy bedriuwen grûn kocht hat op dit terrein.
De Rekkenkeamer kwalifisearret dit belied fan de gemeente as "pijnlijk en niet doelmatig". De kommisje komt mei oanbefellings om dit soarte flaters yn de takomst foar te kommen. Yn jannewaris komt it rapport oan 'e oarder yn de gemeenteried.
Rekkenkeamer Weststellingwerf