Tûke krusing yn dyk tusken Ljouwert en Boalsert is in sukses

De 'tûke krusing' yn de dyk tusken Ljouwert en Boalsert is in sukses. Yn febrewaris fan dit jier is de krusing yn de N359 by de ôfslaggen Húns en Leons oanpast. Mei in deteksjesysteem wurdt no fêststeld oft der krusend ferkear is. As dat it gefal is, wurdt de snelheid op de krusing ferlege nei 70 km yn it oere. Sûnder krusend ferkear bliuwt de snelheid 100 km.
Tûke krusing yn N359 by Húns en Leons © Rintsje Zijlstra
Neffens Sipke van der Meulen fan it ROF (Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân) binne der gjin klachten of steuringen en wurket it systeem sa't it bedoeld is. Van der Meulen ferwachtet dan ek dat der yn de takomst faker fan dit soart systemen tapast wurde kinne. Al binne dêr noch gjin konkrete plannen foar yn Fryslân.
Ek op oare wizen sille yn de takomst omstannichheden meibepale by wat der yn it ferkear wol of net mei. Bygelyks in maksimumsnelheid dy't ôfhinklik is fan it waar.
Sipke van der Meulen fan it ROF oer de tûke krusing