Djoer ferlies Jong SC Hearrenfean yn beloftekompetysje

03 des 2018 - 20:47

It belofteteam fan SC Hearrenfean hat moandei op besite by Jong De Graafschap mei 4-3 ferlern. Dat is in djoer ferlies, want mei noch ien wedstriid te gean steane de Friezen net by de earste fiif. Dat is wol it doel, want dy geane troch nei de kampioenspûl.

Argyffoto Jizz Hornkamp - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn Zelhem sette Jizz Hornkamp de Friezen nei in kertier spyljen op foarsprong. Xavier Vet makke in kertier letter de gelykmakker.

Nei it skoft skoarden Hornkamp en Vet opnij, mar doe yn de oare folchoarder. In kertier foar tiid makke Stef Nijland de 3-2 en in minút letter waard it troch Delano Burgzorg sels 4-2. Nemanja Mihajlovic makke it mei in rake strafskop noch wol spannend, mar tichterby kaam Jong Hearrenfean net mear.

Net mear yn eigen hân

Jong Hearrenfean stiet no op it achtste plak mei tsien punten út acht wedstriden. Mei noch ien wedstriid te gean is in plak by de earste fiif noch wol mooglik, mar dat ha de Friezen net mear yn eigen hân. Dy lêste wedstriid spilet Jong Hearrenfean thús tsjin Jong Emmen, in direkte konkurrint yn de striid om plak fiif.

Stân beloftekompetysje nei moandei 3 desimber

Wed. Pnt. Doelsaldo
1. Heracles Almelo 2 8 22 +15
2. FC Twente 2 8 15 +8
3. PEC Zwolle 2 8 14 +7
4. NEC 2 8 12 +1
5. Go Ahead Eagles 2 7 11 +3
6. FC Emmen 2 8 11 +13
7. De Graafschap 2 8 10 +9
8. SC Hearrenfean 2 8 10 -3
9. SC Cambuur 2 7 7 +4
10. Achilles'29 2 8 0 -57
(advertinsje)