Sportoersjoch: Lang om let earste thúsoerwinning SC Hearrenfean

03 des 2018 - 19:40

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Andor Faber skoot oan.

Sportklup Hearrenfean hat lang om let de earste thúsoerwinning binnen. Sneon wûn de ploech fan Jan Olde Riekerink yn in oantreklike wedstriid mei 3-1 fan Fortuna Sittard. It soarget foar in bytsje rêst en dat kin de klup wol brûke.

Amateurklups yn foarm

Yn de subtop tredde difyzje spile Harkemase Boys thús tsjin SteDoCo út it Súd-Hollânske Hoornaar. De Harkiten wûnen mei 2-0 en klimme mei dy oerwinning oer SteDoCo hinne yn de stân: se steane no fiifde. En der wie mear goed nijs op 'e Harkema, want haadtrainer Tieme Klompe hat syn kontrakt ferlinge.

Ien nivo leger, yn de haadklasse, docht promovendus Bûtenpost it ferrassend goed. Dit wykein moasten se nei Genemuiden ta. Benammen foar Bûtenpost-trainer René van der Weij in bysûnder duel, want hy wurket takom seizoen foar Genemuiden, dêr't no Harkyt Jan van Raalte noch trainer is.

De kuorballers fan LDODK ha de smaak ek te pakken. De earste kompetysjewedstriid ferlearen se noch, mar dêrnei pakte de ploech fan Henk Jan Mulder trije oerwinningen op rige. Dit wykein moast KCC út Capelle der mei 38-21 oan leauwe.

Weromsjen op it sportjier

Der binne wer Fryske sporters dy't nominearre binne foar Sportman en Sportfrou fan it Jier by it Sportgala fan de NOS en sportbûn NOC*NSF.

By Omrop Fryslân sjogge we sels ek werom op it sportjier. Tegearre mei de Leeuwarder Courant, Provinsje Fryslân en Sport Fryslân organisearje we de Sportmominten fan 2018. Moandei is de lêste dei om te stimmen.

Wedstriid fan de Wike

De basketballers fan Aris spylje takom sneon thús tsjin Leiden. Aris is it seizoen wat wikselfallich úteinset. Nei alve wedstriden steane de Ljouwerters sechsde. Dat is op himsels net ferkeard, mar dêr sieten wat ûnnedige ferliespartijen tusken. Sneon dus tsjin Leiden, ien fan de topploegen yn de Dutch Basketball League. Sy steane tredde. Kin Aris stunte? We binne derby.

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(advertinsje)