VV Bûtenpost-foarsitter Paul Olijve hâldt op: "It wurdt tiid foar ferjonging"

Foarsitter Paul Olijve fan VV Bûtenpost hâldt der nei dit seizoen mei op. Hy hat dan goed acht jier foarsitter west. "Ik bliuw wol aktyf foar de klup, hear. Mar ik bin aanst 60 jier, dus it wurdt tiid foar ferjonging", seit Olijve.
© www.orange-pictures.nl
"Ik ha goed fjirtich jier wat dien foar de klup. Doe't ik sechstjin jier wie, siet ik al yn it bestjoer." De ôfrûne jierren wie Olijve foarsitter fan de klup. "Dêryn ha we hiel wat foar elkoar krigen. We ha hiel bot ynset op de jeugd. De akkommodaasje is folslein fernijd, mei in keunstgersfjild en in nije kantine. De feriening libbet. No moatte, as it oan my leit, jongere minsken dat trochsette."
Ik stean ek alle sneons lâns de fjilden.
Bûtenpost-foarsitter Paul Olijve
Dat Olijve ophâldt as foarsitter, betsjut net dat er net aktyf bliuwt by Bûtenpost. "Nee, ik wol al wat dwaan bliuwe foar de klup. Even sjen wat presys, mar ik bin in leafhawwer. Ik stean ek alle sneons lâns de fjilden." Olijve is mei syn bedriuw ek haadsponsor fan de klup.
Wat Olijve hoe dan ek docht, is meihelpe yn de PR-kommisje fan VV Bûtenpost. Dêr wie er earder ek bestjoerslid fan. "Al tritich jier ha we grutte tsjinstanners by ús op de klup yn de simmer. Dat wolle we trochsette." Olijve doelt op oefenwedstriden dy't sûnt 1984 op sportpark De Swadde spile wurde. Yn dy tiid kamen ûnder oare Barcelona, Ajax, Feyenoord, PSV en SC Hearrenfean nei Bûtenpost ta.
Paul Olijve mei Frank de Boer yn 2011, doe't Bûtenpost tsjin Ajax spile © www.orange-pictures.nl

Hichtepunt

It earste alvetal spilet dit seizoen foar it earst yn de haadklasse. Wat dat oanbelanget hâldt Olijve op in hichtepunt op. "En de jeugd docht it ek bêst", seit er. "As ik no op social media sjoch, dêr wurdt Bûtenpost al in 'knuffelklup' neamd. It is sa moai om te sjen hoe't it libbet yn it hiele doarp en yn de regio."