Afvaloven Nee yn protest by oandielhâldersgearkomste fan de REC

03 des 2018 - 17:52

Tsjinstanners fan ôffaloven REC yn Harns sille protestearje by de oandielhâldersgearkomste fan Afvalsturing Fryslân. De gearkomste, en it protest dus ek, is op freed 14 desimber. De oanlieding fan it protest binne de oanhâldende steurings, soargen oer de folkssûnens en de kommunikaasje fan it ôffalbedriuw, dy't neffens stifting Afvaloven Nee "structureel slecht" is.

De yngong fan de REC - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De tsjinstanners wize op stevige wurden fan gemeenten, de provinsje en de feilichheidsregio. Nettsjinsteande bliuwt de ôffaloven draaien en dêr bale tsjinstanners fan. "Omrin neemt hierbij willens en wetens grote risico's op het gebied van uitstoot van giftige stoffen, stankoverlast en brand", skriuwt Afvaloven Nee op de webside.

De REC stjit stoffen út dy't neffens de tsjinstanners op de lange termyn in risiko foarmje kinne foar de folkssûnens.

Net it earste protest

Heal oktober protestearren ek al 200 minsken tsjin de ôffaloven. Doe woene se mei in stille tocht harren machteleazens ta utering bringe.

Trefwurden: 
REC Omrin Afvaloven Nee
(advertinsje)
(advertinsje)