Tsjongerskâns-bestjoerder wurdt nije direkteur Meriant

03 des 2018 - 17:25

Grietje van Buiten wurdt de opfolger fan Hugo Broekman as direkteur fan soarchynstelling Meriant. Se begjint op 1 febrewaris takom jier. Van Buiten wurket no noch by sikehûs Tsjongerskâns op It Hearrenfean.

Foto: Alliade

By Tsjongerskâns sit Van Buiten yn it bestjoerlik- en managemintteam. Sy is dêr ek sektormanager. Van Buiten is ûnder oare ferantwurdlik foar geriatry, reumatology, kardiology, ynterne genêskunde en refalidaasjegenêskunde.

Se wie ek belutsen by it ekspertizesintrum foar medysk-spesjalistyske âldereinsoarch, dat it sikehûs tegearre mei Alliade/Meriant bout. Dêrby hat Van Buiten de ôfrûne jierren in soad gearwurke mei ûnder oare Broekman en oare minsken by Meriant en Alliade.

Foarige direkteur lei ûnder fjoer

Hugo Broekman giet by Meriant wei om bestjoerder te wurden by Frion, in soarchynstelling foar minsken mei in ferstanlike beheining, mei fjouwer lokaasjes yn Oerisel. De Meriant-direksje lei ûnder fjoer by it fakbûn FNV en in diel fan de wurknimmers op de lokaasje LindeStede. Sy sizze dat der in eangstkultuer hearsket. Broekman koe him net fine yn de krityk.

Dat er fuortgiet by Meriant hat ek neat mei dy krityk te krijen.

Trefwurden: 
Meriant Grietje van Buiten
(Advertinsje)
(Advertinsje)