Wedstriid fan de wike: Basketballers fan Aris moetsje Leiden

De basketballers fan Aris stean foar in moaie útdaging: se spylje sneon tsjin de nûmer trije fan de earedifyzje, Leiden. Dy ploech komt op besite yn it Kealledykje yn Ljouwert. De sportredaksje fan Omrop Fryslân hat it duel ferkeazen ta de 'Wedstriid fan de wike'.
© Omrop Fryslan
It is in útdaging, om't Leiden gewoanwei ien of twa maatsjes te grut is foar de Ljouwerter basketballers. Dy ploech hat dan ek in folle heger budzjet. "En dus soe it moai wêze as Aris it Leiden lêstich meitsje kin", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber.
"De Ljouwerter hoop is wat dan oanbelanget wol fêstige op spulferdieler Jonathan Williams. Hy koe troch blessueres noch net yn aksje komme. Mar, we kinne hiel wat fan him ferwachtsje, as we Aris-coach Tony van den Bosch leauwe meie."
De wedstriid wurdt sneontejûn 20.00 oere live útstjoerd op de webside fan Omrop Fryslân en yn de Omropapp.
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.